Soarch oer de takomst

Eerstvolgende uitzending
Datum
Do 19 december 2019
Tijd
17:30 tot 17:45
Deel-url
gids.tv/23475260

Soarch oer de takomst, takomst fan de soarch: Omrop Fryslân dûkt fan 24 oktober ôf yn de wrâld fan de Fryske soarch. Der is personielskrapte, mar trochdat we âlder wurde nimt de fraach nei soarch ek ta.

Hoe bliuwt de hiele soarch hjir oerein en betelber? Dokters, pasjinten en bestjoerders fertelle.

Sa wurde we meinommen nei ien fan de grutste e-health pilots fan it lân. Kontrôle op ôfstân. Mei in appke kin de pasjint thús in hertfilmke meitsje en opstjoere. Ut it hiele lân wei komme al dy gegevens binnen yn Dokkum.

It kontakt tusken pasjint en dokter wurdt tiid- en lokaasje-ûnôfhinklik makke en dat is neffens kardiolooch Igor Tulevski de takomst. Want wolle wy romte hâlde yn it sikehûs foar de akute soarch, dan sil de groanysk sike pasjint safolle mooglik thús de soarch krije moatte. .

Meer op tv: TV-programma's Met Onderwerp "iPhone" op tv , Heracles op tv en Rugby op tv

Onderwerpen in Soarch oer de takomst